It Fryske Gea is tongersdei net oanwêzich by de ûntbleating fan it keunstwurk ta oantinken fan it hynstedrama by Marrum. It is tongersdei fiif jier lyn dat in groep fan 200 troch wetter ynsletten hynders rêden waard troch in groep amazônes.

Twintich hynders oerlibben it drama net. Der is noch hieltiten diskusje oer de fraach wa't ferantwurdlik wie en wat krekt de rol fan It Gea wie. It Fryske Gea hat nei oanlieding fan de kommoasje besletten om net te kommen.