De plannen foar in film oer de hynders fan Marrum binne yn de iiskast set. De produsint, FourOneMedia, kin de finansiering net rûn krije. De haadrol wie ornearre foar Yolanthe Sneijder-Kabau, se soe ien fan de amazônes spylje dy't de hynders fan de dobbe hellen.

Neffens de produsint is de film net hielendal fan de baan. Der wurdt wachte op bettere tiden.